Donaasje

Lju dy’t kultuer yn it Frysk nei oan it hert leit, kinne de stifting, dy’t by de belestingtsjinst registrearre is as in ‘algemeen nut beogende instelling’, op ûnderskate manieren betinke, mei û.o.

  • jeften mei de mooglikheid om ûnder betingsten jild fan it ynkommen ôf te lûken foar de ynkomstebelesting;
  • periodike útkearings yn in tiidrek fan fiif jier of mear mei de mooglikheid om – nei it notarieel fêstlizzen dêrfan – sûnder drompel en sûnder maksimum jild fan it ynkommen ôf te lûken foar de ynkomstebelesting;
  • skinkings mei de mooglikheid om neffens it skinkingsrjocht yn de beneaming te kommen foar òf drompelfrijstelling (ienris yn de 24 moannen), òf in leger taryf;
  • legaten en erfstellings mei de mooglikheid om neffens it súksesjerjocht yn de beneaming te kommen foar òf drompelfrijstelling òf in leger taryf.

Wa’t oer de ûnderskate mooglikheden mear en aktuele ynformaasje hawwe wol, kin kontakt opnimme mei de ponghâlder fan de stifting:

W. Santema
Leeuwarderweg 38
8605 AJ Snits.

Banknûmer NL42 RABO 0132 2567 62

Douwe Kalma

STIPE BYDRAGEN

  • 22a
  • 21a
  • 20a
  • 19a
  • 17a
  • 18a
  • 16a
  • 15a

Douwe Kalma Stifting

Kontakt

Adres

Master Fopmawei 7, 9023 AJ Jorwert

Website ûntwerp: Ozingavorm 2024

Douwe Kalma Stifting, Ferwurkersregister-AVG.pdf