Betingsten

De Douwe Kalma Stifting stipet aktiviteiten, publikaasjes en projekten dy’t it Fryske kulturele libben yn it Frysk befoarderje. Oer it algemien sille de subsydzjes gean nei ynstellings of organisaasjes mei in non-profit karakter mei lytsskalige projekten foar in breed publyk om sa it Frysk fuort te sterkjen. Minsken kinne lykwols ek op persoanlike titel stipe foar projekten oanfreegje.

Proseduere:

In oanfraach foar stipe kin allinne digitaal yntsjinne wurde fia dizze webside.
Yn it algemien moat de oanfraach bestean út:

  • in dúdlike projektomskriuwing (heechút twa A4), dêr’t dúdlik yn oanjûn wurdt hoe’t it projekt, de publikaasje of de aktiviteit past yn de doelstelling fan de stifting (kulturele aktiviteit yn it Frysk);
  • in heldere, slutende begrutting mei dekkingsplan

It bestjoer fan de Douwe Kalma Stifting komt fjouwer kear yn it jier byinoar om oanfragen te behanneljen.
De oanfragen moatte sadwaande tastjoerd wurde fóar 1 jannewaris, 1 maaie, 1 septimber en 1 novimber. Dêrnei krije oanfregers sa gau as mooglik berjocht. As in oanfraach honorearre wurdt, betsjut dat net dat ek fuortdaalks it jild útbetelle wurdt.

It útbeteljen kriget pas syn beslach as oan de folgjende betingsten foldien is:

  • it neamen fan de stifting as subsydzjeferlienster
  • it takomme litten fan 5 bewiiseksimplaren, útnoegings, ensfh.
  • it binnen twa jier nei datum fan de tasizzing in nei wierheid opstelde eksploitaasjerekken opstjoere nei ôfrin fan it projekt, dêr’t út bliken docht dat de werklike kosten yn oerienstimming binne mei de kosten sa’t dy yn de begrutting opfierd binne en it útbeteljen fan it taseine bedrach nedich is foar de realisaasje fan it projekt dêr’t de oanfraach foar yntsjinne is.

Mei dizze lêste betingst wurdt bedoeld dat as út de eksploitaasjerekken bliken docht dat:

a. oan de útfiering fan it projekt mear jild oerhâlden is as it bedrach dat troch de Douwe Kalma Stifting tasein is

b. it taseine bedrach net folslein nedich is om it projekt kostendekkend te meitsen, de Stifting der fan út giet dat it taseine bedrach net (alhiel) nedich is en de Stifting har it rjocht foarbehâldt it earder taseine bedrach, of in diel dêrfan, net út te kearen. Yn foarkommend gefal is der dan gjin rjocht op neibeteljen fan brûkte kaarten of eksimplaren.

Douwe Kalma

STIPE BYDRAGEN

  • 22a
  • 21a
  • 20a
  • 19a
  • 17a
  • 18a
  • 16a
  • 15a

Douwe Kalma Stifting

Kontakt

Adres

Master Fopmawei 7, 9023 AJ Jorwert

Website ûntwerp: Ozingavorm 2024

Douwe Kalma Stifting, Ferwurkersregister-AVG.pdf