Betingsten

De Douwe Kalma Stifting stipet aktiviteiten, publikaasjes en projekten dy’t it Fryske kulturele libben yn it Frysk befoarderje. Oer it algemien sille de subsydzjes gean nei ynstellings of organisaasjes mei in non-profit karakter mei lytsskalige projekten foar in breed publyk om sa it Frysk fuort te sterkjen. Minsken kinne lykwols ek op persoanlike titel stipe foar projekten oanfreegje.

Proseduere:

Yn it algemien moat de oanfraach bestean út:

  • in dúdlike projektomskriuwing (heechút twa A4), dêr’t dúdlik yn oanjûn wurdt hoe’t it projekt, de publikaasje of de aktiviteit past yn de doelstelling fan de stifting (kulturele aktiviteit yn it Frysk);
  • in heldere, slutende begrutting mei dekkingsplan

It bestjoer fan de Douwe Kalma Stifting komt fjouwer kear yn it jier byinoar om oanfragen te behanneljen.
De oanfragen moatte sadwaande tastjoerd wurde fóar 1 jannewaris, 1 maaie, 1 septimber en 1 novimber. Dêrnei krije oanfregers sa gau mooglik skriftlik berjocht. As in oanfraach honorearre wurdt, betsjut dat net dat ek fuortdaalks it jild útbetelle wurdt.

It útbeteljen kriget pas syn beslach as oan de betingsten foldien is:

  • it neamen fan de stifting as subsydzjeferlienster
  • it takomme litten fan bewiiseksimplaren, útnoegings, ensfh.
  • it tastjoeren fan in nei wierheid opstelde eksploitaasjerekken, dêr’t út bliken docht dat de werklike kosten yn oerienstimming binne mei de kosten sa’t dy yn de begrutting opfierd binne.

 

 


Douwe Kalma Stifting