Douwe Kalma

Douwe Kalma waard op 3 april 1896 yn Boksum berne en groeide op yn Dearsum. Syn heit en mem kamen beide út in boerelaach. Kalma gyng yn Snits nei it gymnasium, dêr't er yn 'e kunde kaam mei de Hellenistyske kultuer. Nederlânsk krige er fan Piter Sipma, dy't doe al tige warber wie yn Fryske fermiddens. Yn dy jierren moat Kalma de kar makke ha foar it Frysk. Hy debutearre yn 1913 yn Sljucht en Rjucht.

Yn 1914 sette Kalma út ein mei kritiken yn de Leeuwarder Courant. Hy pleite dêryn foar `persoanlike' keunst en wiisde de folksaardige poëzy radikaal ôf. Ek op it mêd fan de Fryske Beweging woe er fernijing. It `Ald Selskip' wie him te konservatyf en te nuet.

 

 

 

 

  • 1.jpg
  • 2.jpg
  • 9.jpg
  • 10.jpg
Free business joomla templates